'Wa is der no gek?' spilet him ôf yn de wenkeamer fan in revalidaasje sintrum.
Haadsuster Helga regearret mei hurde hân yn it revalidaasje sintrum dêr't minsken mei alcohol- en drugproblemen en oare soarten fan geastlik en lichaamlike oandwaningen revalidearje. Sy lit it swiere wurk oer oan in stazjêre. It binne net allinnich de pasjinten dy't foar swierrichheden soargje. Willemijn, de stazjêre, kriget lykwols help fan de skjinmakster en de fysioterapeut. Mei-inoar mei de buorman betinke se in plan om Helga fuort te krijen.